| |
|
Riedskomm. 20-11-2008. Fryske Plaknammen |
|
zaterdag, 22 november 2008 |
|
Punt 5.a.
Fryske plaknammen
By praat oer polityk, godstsjinst en jildsaken kinne emoasjes soms heech oprinne. Mei nammen is dat ek faaks it gefal. Yn de measte gefallen wolle de minsken mei it jaan fan in namme wat ta útdrukking bringe. Dit jildt foar de nammen fan persoanen, mar ek foar de nammen fan lannen, lânstreken, plakken ensafuorthinne. Foar persoanen jildt wolris de Latynske spreuk Nomen est omen mei as betsjutting: De namme is in foarteken. De Romeinen wiene fan betinken dat immens namme wat sei oer wat him of har te wachtsjen stie (it lot) De namme hat dus te krijen mei wat men is of wat men wurde sil.
Wat foar persoansnammen jildt soe ek wolris foar oare nammen jilde kinne. En dat docht yn de praktyk ek bliken. Yn de goede âlde tiid doe ’t Jan Pieterszoon Coen Djakarta oerweldige hiet it plak Djakatra, mar it waard Batavia, de namme dy ’t de oerhearskers noaske. Mar doe ’t Nederlânsk Ynje Yndonesië waard, waard Batavia fuort en daliks wer Djakarta. Troch dy namme woene de ynwenners harren identiteit útdrage. Se wiene wat!
Dizze manier fan tinken hat him letter faaks werhelle. En no bin ik net fan doel alle mooglikheden op te somjen, mar Ceylon tee komt net mear fan Ceylon, mar fan Shri Lanka, de lêste olympyske spielen binne net yn Peking, mar yn Bejing hâlden en yn de 90-er jierren wisten de Russen net hoe gau se Leningrad op ‘e nij yn Sint Petersburg feroarje moasten. (De feroaring fan Stalingrad yn Wolgograd hie al earder plakfûn.) Dit binne plakken mei hiel wat tagongsdiken mei nammebuordsjes der op. En no ha ik fan alles heard, mar net dat it feroarjen yn de nije nammen ta grutte problemen laat hat. Men hie it gefoel dat de selsbewustens wer werom kommen wie. Der wie in tiidrek ôfsluten. |
|
Lês mear...
|
|
|
Nijs fan Jan Hiemstra (riedslid) |
|
woensdag, 25 juni 2008 |
|
Krotten.
Neat is foar doarp of stêd ferfelender as wannear ‘t der huzen leechsteane en dan ek noch ferkrotsje. It binne krekt oaljeflekken; alles der omhinne wurdt like suterich. Hoe mâl as it allegearre kin, kinne jo fine op de side www.aanpakrottekiezen.nl
Jimme begripe dat de FNP it hjir net by sitte lit. Doe ’t bliken die dat der ferline jier € 1.314.697 oer wie, binne wy mei in amindemint kommen.
Us riedslid Jan Hiemstra hat doe yn de ried sein;
‘Sunich mei de sinten omspringe en nei de takomst sjen is ús as FNP út it hert grepen. Wy soene in protte langetermynbestimmingen foar dit bedrach witte.
a. Wy soene de Sjaerdemastrjitte wol opkeapje wolle om dan ûnder lieding fan de gemeente de saak dêr oan te pakken
b. Wy soene graach in goed netwurk fan doarps- en wykgebouwen ha wolle, dêr ’t ek jild foar ûnderhâld beskikber is.
c. Mar wy fine it ek in goede saak dat der jild foar de wegen brûkt wurdt.
Allinne dan ha wy ien probleem: dan geane wy yn koarten oer pico bello wegen nei ús doarpen dêr ’t noch rotte kiezzen yn steane. En dat moat net kinne.
d. Dêrom wolle wy in part fan it oerskot oan de kant sette foar de krotopromming. Hjir moat in kear oan begongen wurde. It jild kin dan brûkt wurde foar it meitsjen fan plannen, it yn gong setten fan prosedueres, it oankeapjen, ferbouwen en wer ferkeapjen fan de krotten (dus as buffer foar it risiko) en oare saken dy ’t hjir mei anneks binne.
Wy komme dan ek mei in amindemint om de ferdieling fan it oerskot yn dizze geast te feroarjen.
It útstel fan it kolleezje soe dan ûnder punt trije as folget oanpast wurde moatte:
Bestimming resultaat
a.€ 1.100.000 oan de algemiene reserve te dotearjen, want je witte mar nea wa ’t jo nochris op besite krije
b. € 214.697 bestimme foar it op te rjochtsjen fûns foar krotopromming.’
It amindemint hat it net helle, mar der binne hiel wat riedsleden de skellen fan de eagen fallen en doe ’t de ferdieling fan it oerskot in wike of wat letter op ‘e nij oan de oarder kaam is der foar it krotteprobleem jild oan de kant lein. Gelokkich hoecht de gemeente net alles sels op te lossen. Dit docht wol bliken út side http://vrom.nl/pagina.html?id=31294 dy ‘t in goed oersjoch jout fan de mooglikheden. Foar it finen fan dizze side ús tank oan Roel an Deisk, de soan fan ús P.v.d.A.-kollega Beint van Dijk.
Sportfjild Achlum.
Achlum hat in fuotbal- en in keatsfjild (en in fuotbal- en in keatsferiening). De fjilden lizze wat út inoar. De Achlumers moatte fuotbalje en keatse yn eigen doarp en dan ek noch romte ha foar it jierlikse doarpsfeest; dat stiet foar de FNP sa fêst as in hûs. Mar no giet it derom dat dit wol sa tûk mooglik moat. Sa min mooglik hier, sa min mooglik ûnderhâld, sa goed mooglik fan kantine en klaairomte gebrûk meitsje en folje mar oan. Sa ’t de fjilden der no lizze is dat net optimaal mooglik. Dêrom moat der dan ek ûndersocht wurde oft it allegearre better kin. Dat is dan ek de reden werom ús riedsleden Jan Dijkstra en Jan Hiemstra yn Achlum op besite west ha om de saak mar ris op te nimmen.
Yn de riedsgearkomst fan 5 juny 2008 is troch de FNP it folgjende nei foaren brocht:
a. op it fuotbalfjild is romte om te keatsen; op dit fjild is troch Stormvogels ynfestearre yn in ljochtynstallaasje foar de training; it fjild moat opknapt wurde want de drainage is min (kosten sa ‘n € 55.000);
b. it keatsfjild is oan de krappe kant om te fuotbaljen; dit kin allinne as der in stik by komt; it fjild hat in goede drainage en leit der prima by; by it fjild is in kantine
c. keatsers en fuotballers meitsje beide gebrûk fan in klaairomte yn in âld hûs en eigendom fan in stichting
d. keatsers fine dat fuotballers in keatsfjild ferniele.
Om in beslút nimme te kinnen sille wy earst witte moatte:
1- Wat kostet it om alles op it besteande fuotbalfjild te bringen
2- Wat kostet it om alles op it besteande keatsfjild te bringen mei ferlinging
3- Wat kostet it om de besteande sitewaasje te hânhavenjen
4- Hoe ferhâlde de kosten har ta it gebrûk dat der fan de fjilden makke wurdt
5- Hoe sit it mei de hierlêsten en opbringsten.
Fryske Plaknammen.
Al wer wat jierren lyn hat de FNP prikken yn it wurk stellen om de plakken yn ús gemeente harren originele Frysktalige plaknammen werom te jaan. Der wie doe, útsein de |F|NP, gjin inkele partij foar. Dêrom like it de FNP om tidens it behanneljen fan de maitiidsnota op ‘e nij in oprop te dwaan foar de ynfiering fan Fryske plaknammen. Dêrom hie de fraksje yn de út te sprekken tekst opnommen: ‘Wat no al fêst kin is de oare partijen op te roppen om Frysk belied te stimulearjen; dat hoecht net it measte te kostjen.
Sjoen de útlittingen is it hoedzjen en noedzjen fan de Fryske kultuer net per definysje in saak fan de FNP. Miskien moatte wy, om oansluting te hâlden by guon buorlju, hast ek mar mei Frysktalige plaknammen begjinne. Dan binne wy, it yn ús eagen ergernis oproppende oersjoch fan de plakken fan ús gemeente, by de baly ek kwyt.’
Mar sa fier hoegde it net iens te kommen. De PvdA kaam mei in moasje foar de ynfier, kolleezjepartner CDA gong der yn mei en de FNP beskôge it as in presintsje fan de beide oare kolleezjepartijen. Spitigernôch koe de moasje net riedsbreed oannommen wurde. Gemeentebelangen, VVD, Goen Links en ChristenUnie lieten wer ris blike net te folle op te hawwen mei Fryske kultuer. |
|
|
Algemiene Ledegearkomste: 21 maaie yn ‘It Mienskar’ te Easterbierrum. |
|
zaterdag, 24 mei 2008 |
|
It like allegearre wer poerbêst. Ûnder it genot fan in bakje kofje en in stik oranjekoeke iepent foarsitter Klaas Regts de Jierlikse Algemiene Ledegearkomste.
It tal leden dat nei de gearkomste(n) komt, bliuwt alle kearen frijwol itselde (sa’n 15 persoanen.
--Ut it jierferslach die bliken dat er ûnder de reguliere gearkomsten sa no en dan besite komt.
Mei ôffeardigers fan doarpsbelangen of oare ynstânsjes is praten oer: boaiemdelgong, glêstúnbou en doarpssaken lykas doarpsfysje en wentebou.
Om te witten wat er yn e buerten of doarpen spilet, geane de riedsleden as it heal kin nei de jierlikse doarpsbelanggearkomsten.
--Troch it jierferslach foar te lêzen waard ôfrûne jier op e nij ‘belibbe’.
De ponghâlder wie tefreden oer de sûne, finansjele posysje en de kaskommisje wie tefreden oer de ponghâlder.
Jierferslach skriuwer en jierferslach ponghâlder waarden goedkart troch de leden.
--It bestjoer is wer foltallich, mefrou Jeannette Fehres nimt fanôf jûn, mei ynstimmen fan de leden, sitting yn it bestjoer. It tal bestjoersleden is no 5.
It is it gebrûk dat nei it skoft fan de A.L.G. de riedsstikken (fan 22-05-08) behandele wurde troch de riedsleden.
De wurklist hie net folle ‘drege’ punten, mar der is wiidweidich praten/diskusjearre oer u.o. het hutten- en ketenbelied fan de gemeente.
--Falt noch te fermelden dat twa bestjoersleden nei de A.L.G fan it haadbestjoer west hawwe
(16-05-2008). It wichtichste nijs, besletten yn dizze gearkomste wie, dat it FNP yn novimber, mei eigen kandidaten meidocht oan de Wetterskipsferkiezing.
Justjes nei tsienen betanke de foarsitter de oanwêzigen foar harren kommen en waard de gearkomste sluten.
|
|
|
zondag, 27 april 2008 |
|

Hans Nauta hat in keninklik skouderklopke krigen yn'e foarm fan in underskieding (lid in de Orde van Oranje Nassau.)
Dit als wurdearring foar syn frijwillicherswurk, u.o. by it keatsen (doarps- en federaasjekeatsen), de fûgelwacht, de damklub, de FNV en ek by de FNP. ( hy hat mei de lêste gemeenteriedsferkiezings hiel warber west.)
Wy as FNP wolle Hans dan ek tige lokwinskje. |
|
|
De glêstúnbou by Seisbierrum |
|
zaterdag, 05 april 2008 |
|
Tidens de riedsgearkomste fan 6 maart 2008 is de glêstúnbou tusken Frjentsjer en Seibierrum oan de oarder west. As FNP ha wy oer lân- en túnbou it folgjende yn ús ferkiezingsprogramma opnommen:
‘De FNP fynt dat de lân- en túnbou fan grut belang binne yn ús gemeente. Boeren moatte kâns hawwe harren bedriuw by de tiid te hâlden. Ekologyske lânbou fertsjinnet ek ús stipe. ......
De FNP is net foar in grutskalige útwreiding fan de glêstúnbou, mar mei it each op de wurkgelegenheid binne ynvestearrings yn nije kassen tichteby as oanslutend oan besteande glêstúnbou wolkom. By fierdere útwreiding sil hege easken steld wurde oan it miljeu, foaral ek wat it útstrieljende ljocht oanbelanget’.
En om ’t de FNP ek yn it kolleezje sit, is wat yn it riedsprogramma stiet ek foar ús fan belang:
‘Glastuinbouw kan aansluitend op bestaande locaties met inachtneming van de milieu-eisen en met inperking van lichtoverlast’.
.jpg) |
|
Lês mear...
|
|
| | << Start < Foarige 1 2 3 4 5 Folgjende > Ein >>
| | Resultaten 13 - 18 of 25 |
|
|