|
donderdag, 27 maart 2008 |
|
De slachrjemme op de riedsgearkomst fan 1 novimber 2007 wie it útstel, it wizige festigings belied foar de supermerken yn Frjentsjer fêst te stellen. As FNP hiene wy net mear ús sin krije kinnen. Yn ús ferkiezingsprogramma stiet hjiroer: ‘Foar de supermerken moat plak socht wurde bûten de binnenstêd fan Frjentsjer. Wat de FNP oanbelanget soe it Empatec terrein oan de westelike rûnwei en/of de Wilhelminabuert geskikt wêze.’ |
|
Lęs mear...
|
|
|
zaterdag, 09 februari 2008 |
|
Op 10 jannewaris hie de boargemaster in ferrassing foar ús.
De kommissaris fan de keninginne hie frege oft it goed wie dat keninginne Beatrix op 30 april nei Frjentsjer komme soe.
Tiid om te oerlizzen waard har net jûn, se moast daliks út ‘e rie.
Ik ha my wolris ôffrege wat ik dwaan soe yn sa’n sitewaasje. It sil jim gjin nij dwaan, ....
ik hie ek sein fan ja dat is goed.
Sa’n gelegenheid docht him fansels net alle dagen foar. De keninginne is krekt lyk as ús ek mar ien kear yn ’t jier jierdei.
In protte gemeenten soenen dan ek wol graach wolle dat se besite krije fan de keninginne. Mar de mooglikheden binne beheind.
Mar dan, ... nei it beslút om har te noegjen begjint it. |
|
Lęs mear...
|
|
|
Keunstwurk âlde lânbouskoalle |
|
vrijdag, 18 januari 2008 |
|
De âlde lânbouskoalle sil ôfbrutsen wurde en op dat plak moatte huzen komme. Yn de âlde lânbouskoalle is yn 1962 in keunstwurk, dat ûntwurpen is troch frou Nina Baanders – Kessler (berne yn 1915 te Ljouwert) mitsele. Tidens de kommisjegearkomste fan 13 septimber 2007 stelt Jan Dijkstra de fraach of it keunstwurk yn de muorre fan de âlde lânbouskoalle (sjoch foto) bewarre bliuwe kin. De FNP sil alle war dwaan om it keunstwurk foar Frjentsjer te behâlden en der in goed plakje foar te finen. Wilens hat Jan Hiemstra stipe krigen fan Liesbeth Terpstra fan Gemeentebelangen. Frou Terpstra hat kontakten mei it Sanghers van de Biesenboschfonds dat keunst yn Frjentsjer finansierre wol. Liesbeth Terpstra en Jan Hiemstra binne no yn oerlis om de saak sa tûk mooglik oan te pakken.
Tidens de riedsgearkomste fan 1 novimber 2007 hat Jan Hiemstra de ried op de hichte brocht fan dizze ûntwikkeling. |
|
|
Gemeente freget minister om stillizzing gas- en sâltwinning |
|
woensdag, 07 maart 2007 |
|
Franeker, 6 maart 2007 Gemeente vraagt minister om onmiddellijke stillegging gas- en zoutwinning Het college van Burgemeester en Wethouders van de gemeente Franekeradeel heeft in een brief aan de minister van Economische zaken, mevrouw Maria van der Hoeven, gevraagd om onmiddellijke stillegging van de gas- en de zoutwinning in de gemeente. Hiermee wordt uitvoering gegeven aan de raadsbreed gesteunde motie hierover. In dezelfde brief wordt de Minister gevraagd met eigen ogen de situatie ter plekke te komen bekijken, zich te laten informeren en met betrokkenen te overleggen. Aanleiding hiervoor is de brief van Wetterskip Fryslân waarin de meest recente cijfers over de bodemdaling door gaswinning worden genoemd. Het huidige winningsplan van Vermilion gaat uit van een bodemdaling van 10 cm. De nieuwste cijfers geven aan dat de daling nu al 13 cm bedraagt en dat deze nog tot circa 17 cm zal toenemen. Deze bodemdaling voor een deel samen met de bodemdaling door de zoutwinning in Barradeel I en II. Het is het niet precies bekend hoe beide winningsgebieden op elkaar reageren. Binnen een week zal overleg plaatsvinden met Esco European Salt Company en Vermilion Oil & Gas Netherlands B.V. over de ontstane situatie. |
|
|
FNP wol sâlt- en gaswinning stil lizze !! |
|
donderdag, 01 maart 2007 |
| De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel hat op 1 maart unanym foar ûndersteande moasje fan de FNP stimd. |  |
De ried fan de gemeente Frjentsjerteradiel
Oerweagjende dat:
Wetterskip Fryslân op 23 febrewaris jl. in brief oan Staatstoezicht op de Mijnen stjoerd hat;
bliken docht dat yn septimber 2006 de boaiemdelgong troch de gaswinning yn Frjentsjerteradiel al 13 sintimeter wie, wylst maksimaal 8 – 10 sintimeter tastien is, en boppedat de prognoaze no 17 sintimeter delgong yn ‘e kearn fan it gebied is;
it Wetterskip him grutte soargen makket omdat yn troch de kumulaasje fan it winnen fan gas en sâlt yn it sâltwingebied heechst wierskynlik oanfoljende herstelmaatregels fan ‘e wetterhúshâlding nedich binne;
de soargen fersterke wurde omdat ek yn it gaswingebied it wettersysteem hersteld wurde moat;
de gefolgen fan de gas- en sâltwinning foar plattelân, mar no ek foar Frjentsjer sels net mear te oersjen binne.
Sprekt út dat: It kolleezje alle war dwaan moat om sa gau as mooglik it winnen fan gas en sâlt yn ús gemeente stil te lizzen om foar te kommen dat der troch it winnen fan gas en sâlt grutte skea ûntstean sil foar ynwenners fan stêd en plattelân en de gemeente sels. |
|
Lęs mear...
|
|
|
|
<< Start < Foarige 1 2 3 4 5 Folgjende > Ein >>
|
| Resultaten 19 - 24 of 25 |