Thús  
Kandidaten ferkiezings 2010-2014
donderdag, 14 januari 2010

  2   5  
1   3   4
Lês mear...
 
Opbringst mobiliteitstaks nei Noardwest Fryslân
zaterdag, 09 januari 2010

Tsjummearum, 8 jannewaris 2010

De fraksje fan de FNP-ôfdieling Frjentsjerteradiel is fan miening dat de minster fan EZ der net mear ûnder út kin om de hiele opbringst fan de nij yn te fieren mobilteitstaks ta te kennen oan Noardwest Fryslân.

Minister V.d. Hoeven is wol hiel flot west mei it jaan fan tastimming oan Frisia Sâlt om 100.000 ton ekstra sâlt te winnen út de al ôfsletten winput Bas 1 by Seisbierrum.
Om de automobilist yn de rânestêd geande hâlde te kinnen no’t der sa no en dan in bytsje mear snie falt as yn oare jierren, fynt sy it nedich om – om de foarrieden struisâlt op peil te hâlden – de earder makke ôfspraken iepen te brekken.
De regio dy’t te krijen hat mei de neidielige gefolgen fan de boaiemdelgong troch it winnen fan gas en sâlt, kin wol fierder de grûn yn sakje om de automobilist yn it westen te geriven.
It argumint foar in ekstra winfergunning is dat der in ekonomyske needsaak wêze soe.

De minister giet hjirmei folslein foarby oan de neidielige gefolgen dy’t de boaiemdelgong hat foar Noardwest Fryslân.
Gemeenten, Wetterskip Fryslan, lânbou-organisaasjes, doarpsbelangen en oare belanghawwenden binne al sawat in jier dwaande mei it Gebietsproses.
Doel hjirfan is om safolle mooglik de al ûntstiene skea de herstellen troch yngreven maatregels op wettersteatkundig gebiet en fierdere skea oan publike en private eigendommen foar te kommen.

De kosten fan de maatregels dy’t nommen wurden sille wurde rûst op mear as 40 miljoen euro. De gemeenten, it Wetterskip en de provinsje Fryslân drage by yn de kosten, en ek Vermillion en Frisia soene foar in part fan de kosten stean.
It ministearje fan Ekonomyske Saken moat ek in substansjele bijdrage leverje.

Omdat no mear sâlt wûn wurde sil út in winput dy’t al mear as 35 sm boaiemdelgong feroarsake hat, wurdt it gebiet no mei de gefolgen konfrontearre. Gefolgen dy’t folslein ûnwis binne en dêrtroch faaks ekstra net foarsjoene maatregels meibringe sil.

Dêrom fynt de FNP dat de tiid no ryp is om de minister derop te fergjen dat sy mear jild nei de regio bringt.
Om gjin tekoarten op de begrutting fan EZ te krijen, sil der jild frij makke wurde kinne troch fan eltse automobilist yn it westen fan in lân fan kommende moandei ôf in tientsje te freegjen fia de yn te fieren mobiliteitstaks.
Yn ruil foar de mobiliteit fan de automobilist kinne wy droege fuotten hâlde.


Foar mear ynformaasje en in mooglike taljochting kinne jo kontakt opnimme mei G.H. van der Mei, fraksjefoarsitter FNP-Frjentsjerteradiel. Tillefoan 0518-481021

 
Nijjierswinsk
zaterdag, 02 januari 2010

 
Grut Lankum / Keningspark
woensdag, 09 september 2009

 

It plan om 41 soarch-appartementen yn Grut Lankum krige nochal wat wjerstân fan de omwenjenden. Der wiene (binne) soarchen oer de ferkearsdrokte. Jan Hiemstra hat him de soarchen fan de bewenners oanlutsen en hjir omtinken foar frege by it kolleezje.
Syn eask om in goed kuierpaad en dalik in ferkearstelling te hâlden waarden troch de wethâlder ynwillige.
It komplete “dossier” fan Jan Hiemstra oer dizze kwestje.

Lês mear...
 
Omrin – REC
dinsdag, 08 september 2009

 

In protte drokte oer de ferbaarningsoven yn Harns. Nei in reportaazje yn Zembla, mei in ûnhandich optreden fan de ferantwurdlik wethâlder en de deputearre dy’t net foar de kamera wol, binne de rapen gear.
 
Hoe sa iepenbierheid fan bestjoer?
 
De FNP-fraksje wie fan begjin ôf tsjin de komst fan it REC:
 
A: der komt tefolle ferbaarningskapasiteit yn Nederlân. Wy kinne it Fryske ôffal better nei bygelyks Alkmaar bringe – tsjin in geunstige priis.
 
 
B: de keppeling mei de sâltfabryk noasket ús net. De boaiemdelgong giet sa hieltyd fierder – ús gemeentegrinzen foarby.
 
C: de skealike stoffen dy’t it REC útstjit oer ús gea.
 
 
De gemeente Frj.’diel hat har unanym ferset tsjin de komst fan it REC, mar de grutte mearderheid fan de Fryske gemeenten hat yn de oandielhâldersfergadering foar stimt.
Individuele FNP-leden binne warber foar it komitee “Afvaloven Nee”.
 
Yn oktober sil de Raad van State útspraak dwaan oer de miljeufergunning.
 
Spitich dat riedslid Bein van Dijk fan de Pvda sa’n bytsje stipe kriget fan syn partijgenoaten.
Margreet de Boer, president-kommissaris fan Omrin, minister Cramer (miljeu) en de PvdA-steatefraksje binne allegear foar it REC.
 
De PvdA yn Harns lit it alhielendal ôfwitte yn it publieke debat. Van Dijk sil it REC net keare kinne ek al ropt hy noch sa lûd yn de gemeenterie. Doe’t Siem Cnossen fan it CDA Van Dijk dit efkes ûnder de noas wreau, rekken de partijen goed deilis.
 
 
Lokkich hat ús FNP-steatefraksje der mei foar soarge dat der yn de provinsje yn elts gefal in iepenbier debat oan it REC wijd wurdt.
 
<< Start < Foarige 1 2 3 4 5 Folgjende > Ein >>

Resultaten 7 - 12 of 25
 
 
© 2010 Hiemside fan de FNP Frjentsjerteradiel