Thús arrow Nijs  
“Swimbad”alternatyf foar maaitiidsnota ôfstimd PDF Print E-mail
zondag, 11 juli 2010

De FNP wol dat it swimbad yn Frjentsjer iepen bliuwt en is der poer op tsjin om no te beslúten dat der yn 2014 besúnige wurde moat op sport, biblioteek en oare sosjaal kulturele ynstellings. Dit binne saken dy’t tige wichtich binne foar de leefberens en it toerisme yn ús gemeente.

Swimbad Frjentsjer

 

In besúniging tariede dogge jo net troch “oan de beam te skodzjen en te kiezen foar de appels dy’t it earst falle”. Jo moatte begjinne mei it ûntwikkeljen fan in goede fisy op de takomst en dan alle beliedsfjilden besjen om dêrnei middels in diskusje ta in kar te kommen. “It giet derom de beste appels yn de koer te hâlden.”

Yn de maaitiidsnota fan it kolleezje sit safolle romte dat de FNP maklik in alternatyf mearjierrenbyld útwurkje koe sûnder besúnigings op swimbad, sport, bilioteek en oare sosjaal kulturele foarsjennings. “Se reservearje € 750.000 foar nij noch yn te foljen belied, mar litte de 80.000 minsken die jierliks gebrûk meitsje fan it swimbad no droech stean.” Mei it ynstjinnen fan in ammendemint besocht de hear de Haan no de skea te beheinen foar it swimbad, en de oare ynstellings. Tagelyk wie it in foarstel foar in proses om op in deeglike manier, fanút in fisy, te kommen ta besúnigingsfoarstellen wêrby alle beliedsfjilden besjoen wurde moatte soenen.

De koalysjepartijen keazen der lykwols foar om star fêst te hâlden oan it kolleezjefoarstel om’t dat no ien kear ôfpraat is yn it koalysje akkoart. GB soe it ammendemint fan de FNP “graach stypje wolle”, mar koe dat net om’t se it earder sjen wollen hienen, de PvdA miende dit kear dat it mooglik is it swimbad iepen te hâlden mei in besúniging fan 3 ton en de VVD kikkerts waarden troch in hurd ynlaske koalysje oerlis noch krekt yn de kroade hâlden. It FNP ammendemint is mei 10 tsjinstimmen (en dus 9 foar) fersmiten. It is wol dúdlik wurden dat njonken de opposysjepartyen ek de VVD it swimbad eins leaver iepen hâlde wol. Oan de FNP sil it yn elts gefal net lizze!

 

 

 
Spearpunten PDF Print E-mail
zondag, 28 februari 2010

Tusken 2010 en 2014 wolle wy:

dat der op ‘e nij jild komt foar it útfieren fan doarpsfisys
 

  dat er weer geld beschikbaar komt voor het uitvoeren van de dorpsvisies
fertutearze gebouwen yn stêd (û.o. Sjaardemastraat) en doarp oanpakke
 
  vervallen panden in stad (o.a. Sjaardemastraat) en dorp opknappen
de foarsjenningen yn de doarpen op peil hâlde ek al rint de befolking yn tal tebek en wurdt dizze âlder
 
  de voorzieningen in de dorpen op peil houden ook al is er sprake van krimp en vergrijzing van de bevolking
it toerisme fuortsterkje mei Frjentsjer as stêd fan keatsen en kultuer en it sintrum foar de noardelike alvestêderûte
 
  het toerisme bevorderen met Franeker als stad van kaatsen en cultuur en het centrum voor de noordelijke elfstedenroute
in eigen plak foar de jongerein en in ta de ferbeelding sprekkend útgeanssintrum yn Frjentsjer
 
 
een eigen plek voor de jeugd en een uitgaanscentrum in Franeker dat tot de verbeelding spreekt
fûleindich stride tsjin alles wat boaiemdelgong feroarsaket en de kwaliteit fan lucht en boaiem bedriget   met veel inzet strijden tegen alles wat verzakking van de bodem tot gevolg heeft en de kwaliteit van lucht en bodem bedreigt

 

 
Frisse Nije Politici PDF Print E-mail
zaterdag, 27 februari 2010

Sa at jo al earder lêze koene is sittend wethâlder Bram Bonnema út Frjentsjer op ’e nij listlûker foar de FNP Frjentsjerteradiel. Bonnema is ek wer beskikber as wethâlder. Sittend riedslid Jan Dijkstra fan Hitsum is de nûmer twa op ‘e list. Nij op ‘e list binne de nûmers trije en fjouwer. De FNP wol se graach efkes oan jo foarstelle.

Sietze de Haan stiet op it tredde plak. Wennet yn Frjentsjer, troud mei Sippy en hat trije bern en ien pakesizzer. Yn it deistich libben is hy finansjeel en plakferfangend algemien direkteur bij NV Empatec. As frijwilliger is Sietze aktyf west yn ferskate bestjoerlike funksjes by it fuotbal en tennis. Dêrneist hat hy ek as frijwilliger in protte jierren foarsitter west fan twa basisskoallen en dernei fan in feriening foar Protestant Kristlik Basisûnderwiis (12 skoallen). As riedslid wol er him graach dwaande hâlde mei ûnderwiis, wurkgelegenheid, sport en wolwêzen (sosjaler en minskliker meitsjen fan de maatskippij). Fansels sil hy ek de jildsaken behertigje. Troch syn ûnderfining fan út it wurk en de ferskate ferieningsfunksjes wie Sietze al polityk ynteressearre. Hy hopet fan tafoege wearde te wêzen troch de te behannelje ûnderwerpen fan út in oare kiker te besjen. Sietze is fan miening dat we der foar soargje moatte dat der bliuwend omtinken is foar de doarpen. De doarpen binne net te ferlykje mei de stêd Frjentsjer, mar fertsjinje itselde omtinken. Hij sil him ynsette foar in goede leefbere stêd Frjentsjer en omkriten. Foar frijwilligers moat ek omtinken wêze. Klups, ferienings mar wis ek de gemeente kin net sûnder minsken die yn har frije tiid wat foar in oar betsjutte wolle. Dit moatte wij koesterje. As lêste freget Sietze omtinken foar de minima. Dit mei him net allinne taspitse yn mear jild, mar wy moatte just mear ynvestearje om foarte kommen dat minsken út ús gemeente “minima” wurde.

Gea Iedema-Zondervan is de nûmer fjouwer op list 3 fan de FNP.
Se is hikke en tein yn Frjentsjer, troud en hat twa bern. Se wurket as bedriuwsliedster bij Wever Van Wijnen BV te Frjentsjer (Verzendboekhandel & Antiquariaat). Fan 2006 - 2009 hat se derneist noch in stúdzje dien oan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Se hat ûnderfining yn ferskate bestjoeren op maatskiplik mêd, bygelyks Humanitas (Roubegelieding) en it Astmafonds, mar ek yn 'e sport by NeVoBo, (rayon Middelsee) en follybalferienings. Gea woe nei har stúdzje har wer op 'e nij ynsette foar de maatskippij. De FNP hat har frege om dat dan yn 't belang fan de party te dwaan. Sadwaande stiet se no op de list! Persoanlik wol sy in pontsje wêze dat hinne en wer fart tusken boargers en gemeente en fan beide wat meinimt en útwikselt. Har politike ynteresse giet yn 't foarste plak út nei taal, kultuer, jeugd en wolwêzen. As gemeente Frjentsjerteradiel, mei Frjentsjer as it sintrum, kinne we allinnich strielje as de ynwenners ek strielje. De ynwenners moatte grutsk wêze/wurde op harren wenplak en op elkoar. En der kin altyd noch wol wat ferbettere wurde. Allinnich kinne jo dat net, dat moat mei-inoar. Derom is it ek goed dat ferienings dy ’t foar de stêd Frjentsjer yn tou binne en no mei-inoar, en mei profesjonele stipe, Frjentsjer ta de ‘Ster van de Elf Steden’ promoate wolle.

 

 
De FNP makket har ‘PUNTSJES’ dúdlik PDF Print E-mail
maandag, 01 februari 2010

De Fryske Nasjonale Partij (FNP) is har ferkiezingskampanje útein set mei in stedskuier yn Frjentsjer. De stedsgidsen binne terjochte útroppen ta “Groot Franeker” fan 2009. De stedspromoasje is in wichtich spearpunt yn it ferkiezingsprogramma fan de FNP.
In moaie kombinaasje om de FNPuntsjes ferspraat troch Frjentsjer kenber te meitsjen.

De start fan 'e kuier wie by Museum Martena, dêr’t de FNP fuortendaliks har earste punt makke: De stêd as stjer promoate. De FNP stipet it plan om de stedspromoasje te profesjonalisearjen. Frjentsjer is ien fan de seis kulturele kearnen yn Fryslân. Boppedat wurdt besocht de alve stêden op de “Werelderfgoedlijst” fan de Unesco te krijen. De stedspromoasje moat dêrom, yn goed oerlis mei alle frijwilligers dy’t har ynsette om Frjentsjer ta de “Ster van de Elf Steden” te meitsjen, profesjoneel oanpakt wurde.

Dêrnei gyng de tocht ûnder lieding fan stedsgids Tj. Jaasma nei de daam by it Oud Kaatsveld. Dêr makke de partij har twadde punt: Op dit stee in flapbrêge. De FNP wol dy wetterwegen dêr ’t de rekreaasjefeart fan belang is, foarrang jaan by de útfiering fan it baggerplan. Yn dit ramt past ek in flapbrêge yn de daam oan it ein fan de Dijkstraat. De wettersporttoerist berikt sa folle ienfâldiger de noardlike alvestêderûte. Boppedat hoecht Saakstra’s brêge dan net mear iepen en dat is folle better foar de trochgeande ferkearsstream nei de yndustryterreinen East en Súd en de Alvestêdewyk.

De FNP is bliid mei de gemeentlike oanpak fan de ‘rottige kiezzen’. Yn tal fan doarpsfisys wurde dizze fertutearze gebouwen as in grut probleem foar de leefberens sjoen. Mar ek yn de stêd Frjentsjer is in plak dêr’t sa'n rotte kies nochal foar argewaasje soarget. En dêr makke de FNP dan ek har lêste punt foar de stêd Frjentsjer: FNP foar stee okee.

De FNP fynt dat der wat barre moat mei it leechsteande gebou njonken it Sjûkelân en hat yn de kommisjegearkomste fan 21 jannewaris it idee nei foaren brocht foar in hotel op dit plak. De partij tinkt dat in hotel of hostel op dizze lokaasje fan grutte wearde wêze kin foar de ekonomy fan Frjentsjer.

Nei in lyts petear mei de parse oer 't ferkiezingsprogramma fan de FNP is de partij dus begûn oan harren kampanje. De kommende wiken sil de FNP ek yn in tal doarpen har FNPuntsjes meitsje.

De aksjepunten fan de FNP binne werom te finen op ynternet: www.fnp-frjentsjerteradiel.nl.

Dêr is bygelyks ek de skôging en it ferkiezingsprogramma te lêzen mei de wichtichste spearpunten foar de kommende fjouwer jier.

Ek is dêr de kandidatelist te besjen.

 
Referindum / Fryske plaknammen PDF Print E-mail
vrijdag, 22 januari 2010

Earst in lyts gronologysk oersjoch.

Juny 2008
It begun yn juny 2008 sa moai. De Bok tsjinnet út namme fan PvdA, CDA en FNP by de behanneling fan de maitiidsnota in moasje yn wêryn it kolleezje oproppen wurdt om mei in plan foar ynfiering fan Fryske plaknammen te kommen en derby in begrutting fan de kosten te meitsjen.
Yn it ferslach is ek te lêzen: Franeker moat fansels Franeker bliuwe en mei rjocht.

Novimber 2008
Yn novimber 2008 wurdt in stik oan de riedskommisje foarlein mei dêryn in tal fragen.

It die bliken dat de fraksje fan it CDA foar syn beurt praat hie. Op ‘e ledegearkomste yn “Tzummarum” hadden een paar leden raar goed gespuid over het teruggeven van de oorspronkelijke namen aan de dorpen in onze gemeente.
De fraksje gong om. Der moast no earst mar in ûndersyk nei it draachflak komme. Doarpsbelangen, bedriuwen en ferienings soe frege wurde nei harren miening.
Fierder gong it it CDA allinnich noch om de nammen fan de doarpen, de namme fan de stêd en de gemeente wie nicht im frage.

De foarsitter fan de kommisjegearkomste fettet de diskusje gear: in hiele lytse mearderheid wol it draachflak ûndersykje, Frjentsjer moat Franeker bliuwe.
 
 
Febrewaris 2009
Yn febrewaris 2009 freget it kolleezje de rie om in budzjet fan € 10.000 foar it hâlden fan in ûndersyk nei it draachflak foar de ynfiering fan Fryske plaknammen.

Der ûntstiet in folsleine patstelling as bliken docht dat de mearderheid fan de Rie tsjin it útstel fan it kolleezje is om de Hanzehogeschool yn te skeakeljen by it hâlden fan in draachflakûndersyk.
 
 
Juny 2009
It kolleezje freget de riedskommisje wat der no presys barre moat.
De kommisje wol in referindum. Oer de te stellen fraach/fragen ûntstiet op ‘e nij ûndúdlikens.

Giet om de plaknammen yn de hiele gemeente, kinne sawol de ynwenners fan de stêd as fan ‘e doarpen harren jilde litte oangeande de namme fan stêd en doarp?


Jannewaris 2010

Foarsitter,

It mei eltsenien dúdlik wêze dat de FNP de Fryske nammen werom jaan wol oan stêd en doarpen yn ús gemeente.
It foar ús ferrassende inisjatyf fan de PvdA yn juny 2008 dat in moasje oplevere wêryn it kolleezje oproppen waard om mei in plan foar ynfiering fan de Fryske plaknammen te kommen en in begrutting fan de kosten te meitsjen, ûnderskreaunen wy fan herte.

Yn novimber 2008 ferwurde Jan Hiemstra it FNP stânpunt:

Wy tinke dat troch it brûken fan Frysktalige nammen selsbewustens útstriele wurdt. Wy tinke, krekt as de bewenners fan Wales, ús regio te fersterkjen troch ús eigen nammen wer ta de nammen te meitsjen.
Koartsein in fersterking fan de eigen identiteit.

De diskusje oer it brûken fan de Fryske namme hat yn kommisje en rie hjir en dêr emoasjes oproppen. En sa as sa faak, de saak waard der net dúdliker mei.

In referindum hie om ús net hoecht, mar om dochs ta in útdragen saak te kommen hawwe wy der mei ynstimd om in referindum te hâlden.
No is it dan safier. Foar ús leit in stik dat liede moat ta it hâlden fan in referindum tagelyk mei de ferkiezings op 3 maart.
In stik dat it mei rjocht it resultaat wêze kin fan de diskusje dy’t der oan foarôf gongen is.
Ûndúdlik en ratteljend oan alle kanten.

Oan trije punten wol ik yn it bysûnder omtinken jaan.

 

1. Foarljochting

Foar ús is de taak fan de gemeente om op in goede objektive wize foarljochting te jaan oer de fraachpunten dert troch de kiezer/boarger in antwurd op jûn wurde moat.
De arguminten foar en de arguminten tsjin moatte op in saaklike wize nei foaren brocht wurde.
Ek moat op foarhân dúdlik wêze wat de gefolgen binne fan it brûken fan de Fryske plaknammen.

Fansels wolle wy ek ynsjoch yn de wize fan ynformearjen fan de boarger.
It liket der op dat it gearstallen fan it foarljochtingsmateriaal no noch yn sân hasten moat.
In minne saak. Dit hie dochs folle earder moatten. Dan hienen wy der ek noch wat fan sizze kinnen. Dy kâns wurdt ús no ûntnommen.

In referindum kin yn ús eagen hâlden wurde ûnder alle kiesgerjochtigden sûnder dat der “burgers en maatschappelijke instellingen” oer te set west ha. As der op in goede wize foarljochting jûn wurdt, is dat net nedich.
Wy binne der dan ek op tsjin om subsydzje te jaan oan aksjegroepen. It subsydzjeplafond is wat ús oanbelanget € 0.

 

2. De kosten

Dat it trochfieren fan feroarings jild kostet is foar eltsenien dúdlik. Mar hoefolle it no krekt wêze sil, dêr leit in taak foar it kolleezje om dat oan te jaan. Dit stiet al yn de oannommen moasje (juny 2008), en de referindumkommisje hat ek frege mei in begrutting fan de kosten te kommen, en wol foar de riedsgearkomste.

Hjir haw ik dan fuortendaliks ek in tear punt te pakken.

It kolleezje wit net oan te jaan wat de kosten wêze sille.
Yn it kommisjestik fan 28 novimber 2008 stiet in opstelling fan de kosten fan it wizigjen fan de plaknammen fan de doarpen:
 
 
 
Fêststelle draachflak   € 10.000
Eksterne foarljochting   € 15.000
Oanpasse gemeentlike administraasje   € 25.000
Oanpasse eigen kommunikaasjemateriaal   € 10.000
Plaknammebuorden ferfange   € 20.000
ANWB-buorden en –hânwizers ferfange   € 70.000
Klaims   PM
Totale kosten   € 150.000

Der is gjin rekken hâlden mei de subsydzje dy’t de provinsje jout. De gemeente Dantumadiel hat € 20.000 subsydzje krigen.
Der wurdt foarby gongen oan mei in ynfiering yn fazen, in tiidspaad sa’t de Topografyske Wurkgroep Fryslân útstippele hat en liede sil ta it beheinen fan de kosten.
Boppedat sille der yn it ramt fan “Duurzaam veilig” tal fan buorden ferdwine, dat skeelt ek al wer yn ‘e kosten fan it oanpassen fan de ANWB-buorden, sjoch it yn oktober 2008 troch de ôfdieling opstelde kommisjestik.

It is foar ús net te begripen dat it kolleezje in slach yn ‘e loft docht troch op te merken dat hoewol de finansjele konsekwinsjes fan in nammewiziging oer hiel de gemeente net ûndersocht binne, de kosten “een veelvoud zullen zijn van de € 150.000 welke nodig is om de dorpsnamen te wijzigen”.

Wy binne fan miening dat it witten fan de kosten fan it wizigjen fan de plaknammen essinsjeel is, ûnmisber om yn te stimmen mei it hâlden fan in referindum.

Sa as sein, wy fine it in saak fan belang om de plaknammen te feroarjen. Der moat dan ek op in soarchfâldige wize mei omgongen wurde.
Wy wolle net de ferantwurdlikheid drage foar de lekken en brekken. Dêr is it ús te kostber foar. Ynsjoch yn de kosten hearre by in riedstik, hielendal by dit stik.
 
 
 
 
3. De fraachstelling

De FNP hat ynstimd mei it hâlden fan in breed referindum. De útslach sille wy oernimme.
Yn ús eagen sil it referindum hâlden wurde moatte yn de hiele gemeente ûnder alle kiesgerjochtigden.

Wy fine dat der mear tiid nommen wurde moatten hie foar it formulearjen fan de fraach/fragen en derby in keppeling oan de gefolgen fan in ja.

It liket no foar de riedsleden ek wol in referindum: wolle jo ien fraach .... foar/tsjin.
wolle jo twa fragen ..... foar/tsjin.

Ús konklúzje:

De FNP hat ynstimd mei it hâlden fan in referindum.
Mei it net foldroegen stik dat no foarleit kinne wy net út de fuotten omdat:
1. wy fan betinken binne dat de foarljochting earst goed regele wurde moat.
2. wy ynsjoch yn de kosten hawwe moatte.
3. it mei-inoar iens wêze moatte oer de fraachstelling.

Wy wolle dizze saak dert wy grut belang oan hechtsje net yn sân hasten ôfwurkje.
In referindum kin der komme, mar 3 maart is foar ús te betiid.

Ieuwen lang is de Nederlânske namme brûkt, der kin noch wol in jier by.

 

 
<< Start < Foarige 1 2 3 Folgjende > Ein >>

Resultaten 1 - 9 of 27
 
 
© 2010 Hiemside fan de FNP Frjentsjerteradiel