|
De Fryske Nasjonale Partij (FNP) is har ferkiezingskampanje útein set mei in stedskuier yn Frjentsjer. De stedsgidsen binne terjochte útroppen ta “Groot Franeker” fan 2009. De stedspromoasje is in wichtich spearpunt yn it ferkiezingsprogramma fan de FNP.
In moaie kombinaasje om de FNPuntsjes ferspraat troch Frjentsjer kenber te meitsjen.
De start fan 'e kuier wie by Museum Martena, dêr’t de FNP fuortendaliks har earste punt makke: De stêd as stjer promoate. De FNP stipet it plan om de stedspromoasje te profesjonalisearjen. Frjentsjer is ien fan de seis kulturele kearnen yn Fryslân. Boppedat wurdt besocht de alve stêden op de “Werelderfgoedlijst” fan de Unesco te krijen. De stedspromoasje moat dêrom, yn goed oerlis mei alle frijwilligers dy’t har ynsette om Frjentsjer ta de “Ster van de Elf Steden” te meitsjen, profesjoneel oanpakt wurde.
 |
 |
Dêrnei gyng de tocht ûnder lieding fan stedsgids Tj. Jaasma nei de daam by it Oud Kaatsveld. Dêr makke de partij har twadde punt: Op dit stee in flapbrêge. De FNP wol dy wetterwegen dêr ’t de rekreaasjefeart fan belang is, foarrang jaan by de útfiering fan it baggerplan. Yn dit ramt past ek in flapbrêge yn de daam oan it ein fan de Dijkstraat. De wettersporttoerist berikt sa folle ienfâldiger de noardlike alvestêderûte. Boppedat hoecht Saakstra’s brêge dan net mear iepen en dat is folle better foar de trochgeande ferkearsstream nei de yndustryterreinen East en Súd en de Alvestêdewyk.
De FNP is bliid mei de gemeentlike oanpak fan de ‘rottige kiezzen’. Yn tal fan doarpsfisys wurde dizze fertutearze gebouwen as in grut probleem foar de leefberens sjoen. Mar ek yn de stêd Frjentsjer is in plak dêr’t sa'n rotte kies nochal foar argewaasje soarget. En dêr makke de FNP dan ek har lêste punt foar de stêd Frjentsjer: FNP foar stee okee.
De FNP fynt dat der wat barre moat mei it leechsteande gebou njonken it Sjûkelân en hat yn de kommisjegearkomste fan 21 jannewaris it idee nei foaren brocht foar in hotel op dit plak. De partij tinkt dat in hotel of hostel op dizze lokaasje fan grutte wearde wêze kin foar de ekonomy fan Frjentsjer.
Nei in lyts petear mei de parse oer 't ferkiezingsprogramma fan de FNP is de partij dus begûn oan harren kampanje. De kommende wiken sil de FNP ek yn in tal doarpen har FNPuntsjes meitsje.
De aksjepunten fan de FNP binne werom te finen op ynternet: www.fnp-frjentsjerteradiel.nl.
Dêr is bygelyks ek de skôging en it ferkiezingsprogramma te lêzen mei de wichtichste spearpunten foar de kommende fjouwer jier.
Ek is dêr de kandidatelist te besjen.
|