Thús arrow Nijs arrow Frisse Nije Politici  
Frisse Nije Politici PDF Print E-mail

Sa at jo al earder lêze koene is sittend wethâlder Bram Bonnema út Frjentsjer op ’e nij listlûker foar de FNP Frjentsjerteradiel. Bonnema is ek wer beskikber as wethâlder. Sittend riedslid Jan Dijkstra fan Hitsum is de nûmer twa op ‘e list. Nij op ‘e list binne de nûmers trije en fjouwer. De FNP wol se graach efkes oan jo foarstelle.

Sietze de Haan stiet op it tredde plak. Wennet yn Frjentsjer, troud mei Sippy en hat trije bern en ien pakesizzer. Yn it deistich libben is hy finansjeel en plakferfangend algemien direkteur bij NV Empatec. As frijwilliger is Sietze aktyf west yn ferskate bestjoerlike funksjes by it fuotbal en tennis. Dêrneist hat hy ek as frijwilliger in protte jierren foarsitter west fan twa basisskoallen en dernei fan in feriening foar Protestant Kristlik Basisûnderwiis (12 skoallen). As riedslid wol er him graach dwaande hâlde mei ûnderwiis, wurkgelegenheid, sport en wolwêzen (sosjaler en minskliker meitsjen fan de maatskippij). Fansels sil hy ek de jildsaken behertigje. Troch syn ûnderfining fan út it wurk en de ferskate ferieningsfunksjes wie Sietze al polityk ynteressearre. Hy hopet fan tafoege wearde te wêzen troch de te behannelje ûnderwerpen fan út in oare kiker te besjen. Sietze is fan miening dat we der foar soargje moatte dat der bliuwend omtinken is foar de doarpen. De doarpen binne net te ferlykje mei de stêd Frjentsjer, mar fertsjinje itselde omtinken. Hij sil him ynsette foar in goede leefbere stêd Frjentsjer en omkriten. Foar frijwilligers moat ek omtinken wêze. Klups, ferienings mar wis ek de gemeente kin net sûnder minsken die yn har frije tiid wat foar in oar betsjutte wolle. Dit moatte wij koesterje. As lêste freget Sietze omtinken foar de minima. Dit mei him net allinne taspitse yn mear jild, mar wy moatte just mear ynvestearje om foarte kommen dat minsken út ús gemeente “minima” wurde.

Gea Iedema-Zondervan is de nûmer fjouwer op list 3 fan de FNP.
Se is hikke en tein yn Frjentsjer, troud en hat twa bern. Se wurket as bedriuwsliedster bij Wever Van Wijnen BV te Frjentsjer (Verzendboekhandel & Antiquariaat). Fan 2006 - 2009 hat se derneist noch in stúdzje dien oan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Se hat ûnderfining yn ferskate bestjoeren op maatskiplik mêd, bygelyks Humanitas (Roubegelieding) en it Astmafonds, mar ek yn 'e sport by NeVoBo, (rayon Middelsee) en follybalferienings. Gea woe nei har stúdzje har wer op 'e nij ynsette foar de maatskippij. De FNP hat har frege om dat dan yn 't belang fan de party te dwaan. Sadwaande stiet se no op de list! Persoanlik wol sy in pontsje wêze dat hinne en wer fart tusken boargers en gemeente en fan beide wat meinimt en útwikselt. Har politike ynteresse giet yn 't foarste plak út nei taal, kultuer, jeugd en wolwêzen. As gemeente Frjentsjerteradiel, mei Frjentsjer as it sintrum, kinne we allinnich strielje as de ynwenners ek strielje. De ynwenners moatte grutsk wêze/wurde op harren wenplak en op elkoar. En der kin altyd noch wol wat ferbettere wurde. Allinnich kinne jo dat net, dat moat mei-inoar. Derom is it ek goed dat ferienings dy ’t foar de stêd Frjentsjer yn tou binne en no mei-inoar, en mei profesjonele stipe, Frjentsjer ta de ‘Ster van de Elf Steden’ promoate wolle.

 

 
< Prev   Next >
 
 
© 2010 Hiemside fan de FNP Frjentsjerteradiel