Thús arrow Nijs arrow “Swimbad”alternatyf foar maaitiidsnota ôfstimd  
“Swimbad”alternatyf foar maaitiidsnota ôfstimd PDF Print E-mail

De FNP wol dat it swimbad yn Frjentsjer iepen bliuwt en is der poer op tsjin om no te beslúten dat der yn 2014 besúnige wurde moat op sport, biblioteek en oare sosjaal kulturele ynstellings. Dit binne saken dy’t tige wichtich binne foar de leefberens en it toerisme yn ús gemeente.

Swimbad Frjentsjer

 

In besúniging tariede dogge jo net troch “oan de beam te skodzjen en te kiezen foar de appels dy’t it earst falle”. Jo moatte begjinne mei it ûntwikkeljen fan in goede fisy op de takomst en dan alle beliedsfjilden besjen om dêrnei middels in diskusje ta in kar te kommen. “It giet derom de beste appels yn de koer te hâlden.”

Yn de maaitiidsnota fan it kolleezje sit safolle romte dat de FNP maklik in alternatyf mearjierrenbyld útwurkje koe sûnder besúnigings op swimbad, sport, bilioteek en oare sosjaal kulturele foarsjennings. “Se reservearje € 750.000 foar nij noch yn te foljen belied, mar litte de 80.000 minsken die jierliks gebrûk meitsje fan it swimbad no droech stean.” Mei it ynstjinnen fan in ammendemint besocht de hear de Haan no de skea te beheinen foar it swimbad, en de oare ynstellings. Tagelyk wie it in foarstel foar in proses om op in deeglike manier, fanút in fisy, te kommen ta besúnigingsfoarstellen wêrby alle beliedsfjilden besjoen wurde moatte soenen.

De koalysjepartijen keazen der lykwols foar om star fêst te hâlden oan it kolleezjefoarstel om’t dat no ien kear ôfpraat is yn it koalysje akkoart. GB soe it ammendemint fan de FNP “graach stypje wolle”, mar koe dat net om’t se it earder sjen wollen hienen, de PvdA miende dit kear dat it mooglik is it swimbad iepen te hâlden mei in besúniging fan 3 ton en de VVD kikkerts waarden troch in hurd ynlaske koalysje oerlis noch krekt yn de kroade hâlden. It FNP ammendemint is mei 10 tsjinstimmen (en dus 9 foar) fersmiten. It is wol dúdlik wurden dat njonken de opposysjepartyen ek de VVD it swimbad eins leaver iepen hâlde wol. Oan de FNP sil it yn elts gefal net lizze!

 

 

 
Next >
 
 
© 2010 Hiemside fan de FNP Frjentsjerteradiel