Thús arrow Nijs arrow Kandidaten ferkiezings 2010-2014  
Kandidaten ferkiezings 2010-2014 PDF Print E-mail

  2   5  
1   3   4

1. Bram Bonnema, Frjentsjer (wethâlder)
Bram hat mei in protte nocht no fjouwer jier wethâlder west. Derfoar wie hy al 12 jier
FNP-fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel. Under syn lieding waarden doarpsfisys útfierd, skoallen fer- en nijboud, sportfjilden oanlein, de “Lytse Bieb” ynstallearre en noch folle saken mear.
Omdat syn wurk noch net dien is, wol er graach noch in perioade fierder as wethâlder.

2. Jan Dijkstra, Hitsum (reklasseringsamtner)
Jan is in doarpsman bij útstek. Yn Hitsum hat er ferskate saken by de ein hân: fan foarsitter fan doarpsbelang oant bestjoerslid en spiler oan it toaniel. Oerdei wurket Jan as wurkbegelieder by de ferslavingsreklassearring yn Ljouwert.
Mei de yn de ôfrûne fjouwer jier opdiene kennis wol hy him de kommende perioade graach op ’e nij foar ús gemeente ynsette as FNP riedslid. Foaral de doarsfernijing, ferkear en ferfier binne Jan syn ûnderwerpen.

3. Sietze de Haan, Frjentsjer (finansjeel direkteur)
Sietze is de senior yn de fraksje. Hy hat in protte bestjoerlike ûnderfining by û.o. it ûnderwiis en de sport. Yn it deistich libben is hy finansjeel direkteur by NV Empatec.
As riedslid wol er him graach dwaande hâlde mei soarch, sport en wolwêzen. Fansels sil hy ek de jildsaken behertigje.

4. Gea Iedema – Zondervan, Frjentsjer (bedriuwslieder)
Gea is bedriuwslieder by Wever Van Wijnen yn Frjentsjer. Yn de stêd dêrt se hikke en tein is, hat sy net stilsitten. Sa hat se yn ferskate bestjoeren aktyf west. Har ynteresse giet yn it foarste plak út nei jeugd, taal en kultuer.


5. Gerben van der Mei, Tsjummearum (belestingadviseur)
Gerben hat 8 jier yn ’e gemeenteried sitten, de lêste fjouwer jier as fraksjefoarsitter. Hy is goed thús yn de regeljouwing en op it mêd fan de romtlike oardening.
Oerdei runt er as belestingadfiseur syn eigen kantoar yn Tsjummearum.


6. Anne Martha van der Mei, Tsjom (wethâlder)
7. Jan Osinga, Tsjummearum (projektlieder)
8. Roelie Greidanus – Anema, Achlum
9. Albert van der Voorn, Rie
10. Japke van Groning, Frjentsjer
11. Durk Regts, Frjentsjer
12. Jan van der Schaar, Tsjummearum
13. Jeannette Fehres, Frjentsjer
14. Jaap Roorda, Frjentsjer
15. Geesje Dijkstra – Vos, Tsjom
16. Feie Koolstra, Frjentsjer
17. Rutger Wiersma, Tsjummearum
18. Siebren van der Zwaag, Tsjummearum
19. Jan Hiemstra, Frjentsjer

 
< Prev   Next >
 
 
© 2010 Hiemside fan de FNP Frjentsjerteradiel