|
Op in drok besochte ledegearkomste yn “it Mienskar” te Easterbierrum is woansdei 6 jannewaris de list foar de gemeenteriedsferkiezings fêststeld.
Sittend wethâlder Bram Bonnema út Frjentsjer is op ’e nij listlûker foar de FNP Frjentsjerteradiel. Bonnema is ek wer beskikber as wethâlder.
Sittend riedslid Jan Dijkstra fan Hitsum is de nûmer twa op de list. Nij op de list binne de nûmers trije en fjouwer. Sietze de Haan (finansjeel direkteur) en Gea Iedema – Zondervan (bedriuwsliedster), beide fan Frjentsjer. De hjoeddeiske fraksjefoarsitter Gerben van der Mei fan Tsjummearum is de nûmer fiif op de list. De FNP is in stabile faktor yn de Frjentsjerter gemeentepolityk en men ferwachtet dan ek minimaal wer mei trije sitten yn de rie werom te kommen.
De FNP-leden wiene wakker te sprekken oer it belied dat de lêste jierren fierd is. Sa binne mei jild út it doarpsfisyfûns al tal fan projekten útfierd. As ferfanging fan de bibliobus is de lytse Bieb yn de doarpen kommen en krije de doarpshuzen jild foar it ûnderhâld. Ek leit de fer- en nijbou fan skoallen yn stêd en doarp goed op skema. Yn it sintrum fan de stêd hat de SC Franeker de beskikking oer in prima fuotbalakkomodaasje krigen en der binne nije foarsjennings foar de wettersport oanlein. Tige wichtich foar de noardlike alvestêderûte.
De FNP wol dan ek fierder mei dit belied. Sa moat der yn elts gefal nij jild yn it doarpsfisyfûns. Mei in profesjonele stedspromoasje wol de FNP Frjentsjer noch mear as kultureel- en toeristysk sintrum op de kaart sette. Ek wol de FNP it húsfestingsprogramma fan de skoallen yn de kommende riedsperioade ta in goed ein bringe.
Mei in miks fan betûfte en in tal nije riedsleden sjocht de FNP de kommende riedsperioade mei fertrouwen temjitte.
|