Thús arrow Nijs arrow Fryske Plaknammen  
Fryske Plaknammen PDF Print E-mail

De FNP stiet foar syn saak

Nei in diskusje fan oardel jier is it ynfieren fan Fryske plaknammen noch net ta in útdragen saak kommen. De FNP-frakjse koe it foarstel fan it kolleezje oer in referindum gjin stipe jaan, omdat ien en oar net goed útwurke wie. Net dúdlik wie wat it ynfieren kostje moast en ek de foarljochting oan de boarger wie net regele en net objektyf. It foarstel fan CU en PvdA om dan mar allinne Fryske plaknammen op de kombuorden yn de doarpen te setten en dêr in referindum oer te hâlden waard troch de FNP-fraksje as “healslachtich” beoardiele.

De feiten:

Juny 2008:
PvdA, FNP en CDA wolle in ûndersyk om Fryske plaknammen yn te fieren. Yn it ferslach stiet: “Franeker moat Franeker bliuwe.” Der is gjin sprake fan in draachflakûndersyk of referindum.

Novimber 2008:
It kolleezje leit it ûndersyk op tafel. Kosten foar ynfiering € 150.000. It CDA hat fan de leden op’e kop krigen en wol no ynienen in draachflakûndersyk.

Febrewaris 2009:
It kolleezje freget in budzjet fan € 10.000 foar in draachflakûndersyk. Om ferskillende redenen is in mearderheid hjir tsjin.

Juni 2009:
Diskusje oer hoe it no fierder moat mei de Fryske plaknammen. Om in trochbraak yn de diskusje te krijen stimt de FNP yn mei in gemeentebreed referindum. PvdA en CDA stimme hjir ek mei yn. Dit betsjut in referindum oer it ynfieren fan Fryske plaknammen fan de doarpen, de stêd en de gemeentenamme. Ek foar de FNP sil de útslach binend wêze.

Jannewaris 2010:
It foarstel fan it kolleezje krijt gjin stipe fan de FNP. It kolleezje hat net oanjûn wat de kosten fan it ynfieren fan Fryske plaknammen binne. Boppedat is ek net dúdlik hoe’t de foarljochting oan de boarger plakfine sil. De FNP en ek it CDA wolle dit earst helder hawwe – en pleitsje foar útstel. De FNP stipet it foarstel fan CU/PvdA om allinnich op de kombuorden yn de doarpen Fryske nammen te setten net. Dat wie net de ôfspraak en ropt tefolle fragen op. Moatte ynwenners fan de stêd dan beslute oer de doarpen? Hoe komt it dan mei de gemeentenamme? Meitsje wy ek noch ûnderskied tusken de doarpen ûnderling?

 

Konklúzje
Ferskriklik spitich dat it sa rûn is. Mar it kin mar ien kear goed. Leaver in jier útstel, as no in referindum hâlde dêr’t yn’t foar al diskusje oer is. De FNP wie en bliuwt foar it ynfieren fan Fryske plaknammen. In referindum geane wy mei akkoart, mar dan wol in gemeentebreed referindum. De útslach derfan sille wy respektearje.

Sjoch foar de folsleine tekst fan fraksjefoarsitter Gerben van der Mei ûnder “Referindum Fryske plaknammen”.

 
< Prev   Next >
 
 
© 2010 Hiemside fan de FNP Frjentsjerteradiel